Текстов песен в базе: 1 278 222
Oant De Diggels

Oant De Diggels

Nynke Laverman

Текст песни

Ik dichtsje hâldfêst
Ik leau om’t ik sjong
Ik dûnsje my moed
Ik dream oant it brekt
As de dei har fan my ôfkeart
En it ljocht út alles weilûkt
As de stilte oan my skuort
Rjochtsje ik myn rêch en neam my fadista
En as ik dûnsje mei de sinne
Swit ik my dronken fan it libben
It swit, de rein en de triennen
Se binne gelyk en ik wol drinke
En om’t ik dichtsje
Sil ik leauwe
Dwers troch de kolken fan fertriet
En om’t ik sjong
Sil ik priuwe
Myn tonge sear fan al it swiet
En soe it libben my brekke
Oant de diggels sil ik dreame
Поделиться ссылкой:
Короткая ссылка: https://tekstpesni.ru/s/S5d

Тексты других песен исполнителя

© 2017–2025 Тексты песен
Все тексты песен на сайте размещены пользователями, редакцией или собраны из открытых источников.
При копировании материалов ссылка на сайт обязательна.
Связаться
Уважаемые обладатели прав на музыку! На сайте не выкладывается музыка, ее нельзя скачать, послушать и тому подобное.